It wjerljocht is justerjūn ynslein yn de Aylvapoldermūne by Wommels. Troch de ynslach is der brān ūntstien yn de kap fan de mūne. De brānwacht koe foarkomme dat de mūne, boud yn 1846, ferlern gie. Persoanlike ūngemakken hawwe him net foardien. Presys fyftich jier lyn hat de foargonger fan dizze Aylvapoldermūne ek yn 'e brān stien. Doe gie it hiele monumint ferlern. De hjoeddeistige mūne is yn 2000 śt Hallum wei nei Wommels ferhuze. |